Historie VV de Walden

Fuotbalferiening “de Wâlden”

Doedestiids…

Goed in jier nei de oarloch, ien septimber 1946, waard ”de Wâlden” oprjochte. Earder wienen der wol ûnderlinge wedstriden tusken de ferskillende doarpen. Mar foar in bliuwende kompetysje wienen echte klups nedich! “De Wâlden” wie de earste yn ús streek. Om mei te dwaan oan de kompetysje wie in fjild fansels fan belang. Kafeehâlder Wieger van der Weg fan de Krúswei, de pake fan “Primera-Wieger”, stelde in terrein beskikber. Dat wie in hoeke greide dêr’t ek skiep op weiden, oan de eastkant fan de Haadwei. De nijbou wie der doe fansels noch net: dêr’t no de Bergsmastrjitte útkomt op de Doniawei wie in reed yn Noardlike rjochting. Sa kaam men by it fjild. De wenningen noardeastlik fan de Bergsmastrjitte, oan de Camstrastrjitte bygelyks, stean dus op ús earste fuotbalfjild, histoaryske grûn!

Op it foarterrein bouden de leden in ferklaaiersrûmte en materiaalhok. De gasten ferklaaiden har dêr lykwols net: it wie wizânsje dat dy har yn kafee de Krúswei omklaaiden. Yn de jierren fyftich kaam der lykwols in twadde ferklaaiersrûmte by, plus in lytse rûmte spesjaal foar de toto- en lotto. De feriening helle doe noch de formulieren en it ynlisjild op; in lyts diel dêrfan wie foar de klup, dat wie in moaie ynstruier.

Winterdeis koe der ek treend wurde: op it foarste stik fan it fjild wie ferljochting oanbrocht, twa telefoanpeallen mei elk ien grutte lampe deroan!

Yn 1963 moast der foar de wenningbou romte makke wurde. De gemeente lei, achter it badhûs (no pjutteplak) en de gimmestykseal, twa fjilden oan. Dat waard tenei it plak fan de Wâlden, ferklaaie koe moai yn it badhûs. Broekster Boys spile dêr ek. Mar in trainingsfjild wie der net, dat der is troch beide klups noch jierrenlang treend op in hoeke greide achter de wenning fan dokter Brand oan de Doniawei.

Yn 1974 kaam der in nij haadfjild. De sporthal waard boud en ien fan de besteande fjilden waard de helte lytser, dat sadwaande. Dat heale fjild waard doe it treningsfjild. De Wâlden krige, tegearre mei de kuorbalferiening, in nije kantine en echte boksen om jin te ferklaaien, mei dûsen. Dy nije kantine waard earst mienskiplik mei Broekster Boys brûkt, mar in pear jier letter realisearren dy in eigen akkomodaasje oan de oare kant fan de Lytse Loane.

En no…
De jeugd fan beide fuotbalklups is sûnt 2006 by elkoar, in mienskiplike jeugdôfdieling mei de namme “Broekster Wâlden”. De Wâlden is net in grutte, mar ek gjin lytse feriening: der binne fjouwer senioaren âlvetallen en ien frouljustiim. Hûnderten leden en âldleden fiele har ferbûn mei dizze klup mei in unyk karakter. Ús doelstelling is it beöefenjen en it befoarderjen fan de fuotbalsport. It is fantastysk om te winnen, mar men moat ek ynkassearje kinne en likegoed plezier belibje oan de sport.

16

 

VV de Walden 1946

eerste46